woensdag 18 november 2009

Ding 4 en 5 RSS Feed

“No ha we de hinnen yn hage”

Dat wie myn earste reaksje want ik siet folsein yn ‘e fekearde hoeke te sykjen doe’t ik de opdracht lies. Mar lokkich kaam Baukje V. eefkes boppe en doe wie ik der samar út. We moatte elkoar wat helpe no.
RSS feeds. In handichheidsje foar op de weblog. Bin ik it wol mei iens. Ik wist wol fan it bestean ôf want wy brûke op it wurk ek in feedreader. Fyn ik trouens ek handich. It is moai oersichtlyk en maklik yn gebrûk.
Foadiel is datst rap op ‘e hichte brocht wurdst fan de lêste nijtsjes op internet. Dat is in grut foardiel. It sil yn ’t earstoan wol tiid frette om alles goed op oarder te krijen mar dêrnei komt it gemak.

dinsdag 10 november 2009

Ding 3

Sûnder dat ik it yn 'e gaten ha

Ik sit op hyves, dus bin ik der efterkommen dat ik ûnderfinings ha mei Web 2.0. Mar een fanatike hyver bin ik net. Ik krij dan ek faaks te hearen dat ik wat mear skriuwe moat. Unbewust ha ik dus wat erfaring mei Web 2.0. Dat ik aardich om te witten. Njonkendat sjoch ik gauris op de Wikipedia mar ha dêr noch noait wat publisearre. In filmke op Youtube sette soe ik net witte hoe dat moat. Youtube komst oeral tsjin.

Ik tink dat dizze kursus nijsgjirrich wurdt hoe fierder as we yn de tiid komme. Op dit stuit wurdt der in famyljesite foar ús makke. It doel is dat ik de site ûnderhâlde sil en hoopje troch dizze kursus dat ik dêryn wat mear ynsicht krije sil. Ik bin der wis fan dat ik it internet mear mar ek oars brûke sil as dat ik it no dien ha.

Ding 1 en 2

No, de kûgels is troch de tsjerke.
Ik ha in abbonemint en in weblog.
Myn gmailaccount is sjirkw@gmail.com
Ik liket yn 't earstoan net dreech.
Der is wol út te kommen

No mar ôfwachtsje dat ik oer in pear moannen better
paadwiis wurden bin op it internet.