vrijdag 19 februari 2010

ding 23

Derbinne in oantal dingen dêr’t ik noch wolris mei niget oan ‘e slach sil. Ik tink dat ik it ompielen mei de foto’s wol aardich fyn en dyn eigen bibletheekje op internet gearstalle. Ik ha my fernuvere dat der sa’n protte dingen noch op internet steane wer’t ik neat fanôf wist. Dat moat ik foaropstelle. Oan ‘e oare kant bin ik der ek wol wis fan bin dat ik fan de oare dingen net safolle gebrûk meitsje sil.
Hoewol’t alle dingen dy’t we leard ha fergees binne ha ik der dochs in hekel oan datst oeral hast in account oanmeitsje moast. Al dyn gegevens op it internet kin minsken dy’t der misbrûk fan meitsje wolle aardich yn ‘e kaart spylje. Dizze kursus hat my wol in frekt soad tiid kostte. De opjeften binne behoarlik yntensyf en it moat allegearre mar eefkes dien wurde. Mar it útdipjen fan internet freget altiten tiid. Sa no en dan hienen we as kollega’s ek oerlis. Want dat wie ek ien fan de doelstellingen.
Oer it algemien wol ik net sa negatyf wêze as der yn myn blogs miskien nei foaren takomt. As’t der wat langer oer neitinkst sil dit grif de takomst wurde. We ha der eefkes oan rûke mochten en hoe’t him dat fierder yn de takomst ûntjaan sil wit ik net.
Ta beslút wol ik graach noch eefkes myn oprjochte tank útsprekke nei myn persoanlyk begeliedster Thea. Faaks kaam se eefkes oan myn buro as der ek fragen wienen en hoe’t it allegearre gong (dat mis ik no al). En Thea, tige tank foar alle reaksje dy’t ik fan dy krigen ha.

ding 22

Ik hingje wolris wat mei ien poat yn it ferline en de oare yn ‘e takomst.
Somtiden ha ik langstme nei de bibletheek fan eartiids. De minsken mei harren noazen djip yn ‘e boeken of kranten ferskûle. Ast te lûdroftich wiest kamen der in pear brimstige eagen oer de dikke swarte râne fan de bril op dy ôf. De stjonkende muffe rook fan de iepensleine boeken kaam dy temjitte. Op in strategysk plakje yn de stúdzje seal siet in âld juffer mei in knûdeltsje yn ’t hier. Se hie in buordtsje foar de noas mei Inlichtingen. As in boek meinaamst waard der in stimpel yn klapt.
Mar it moat en sil allegearre oars. Mar ik wurkje net mear yn ‘e bibletheek en kom der as klant ek net sa faak mear. It seit himsels dat der ynspile wurde moat op de fragen fan klanten. Ik tink ek net dat bibletheken sosjale netwerken wurde moatte. Dêr binne der al genôch fan dat sil neat taheakje. Mar it is bêst wol aardich om wat op Dizzy (liket op Hyves) om te skarreljen. It sjocht der goed út en de blogs steane grôtfol ynformaasje. Ik kin it oaren ek oanrikkemandearje.

donderdag 18 februari 2010

ding 21

Jaseker, it is hjoed foar de 55ste kear myn jierdei.

Mar ik ha noch altiten wat mingde gefoelens by in katalogus.
Doe’t ik eartiids as administratyf meiwurker yn de bibletheek fan Boalsert wurke hienen we noch fan dy izeren bakken mei tûzenden kaartsje deryn. Dat wie it “Heilige der Heilige”. In administratyf meiwurker mocht der net iens nei sjen, lit stean dat er it yn ‘e holle krige om sa’n bak oan te reitsjen. Dat koe en mocht allinne in bibletekaris dwaan. Mar der wienen noch wol mear frustraasjes. As we tidens de útliening oan it opromjen wienen en in klant hie in fraach, dan moast der fuortendaliks in bibletekaris bykomme. We seinen dan altiten: "Wy meie de klanten wol fertelle wêr’t de boeken oer de hûnen en katten steane, mar net hoe’t se it dogge".
Mar we ha no oare tiden en de miljoenen kataloguskaartjes binne ferline tiid.
De aquabrowser is foar my net nij. Op myn wurk moatte we de tagong foar de bibletheken hjirta fersoargje. Hy wurdt hyltiten útwreidde, it is oersichtlik en ynformatyf.
Worldcat hie ik noch net fan heard en ik bin der eefkes trochhinne kuijere. Fuortendaliks eefkes myn eigen namme yntikt en ja hear, ik stean der tusken.

Sjoch mar eefkes mei
http://www.worldcat.org/search?qt=worldcat_org_all&q=sjirk+wijbenga

vrijdag 12 februari 2010

ding 20

Fersûpte Flinter

Efkes in nûmer van Boudewijn de Groot blypt. Moai nûmer trouens.
Kinst fuortendaliks ek noch sjen as Boudewijn ek by dy yn ‘e buert in konsert jout. Kinst ek noch in Top 100 gearstalle. Ik wit net as ik it brûke sil mar ik fyn it net in ferkearde site.
Ik ha ek eefkes op Grooveshark sitten en moast fuortendaliks al de nijste Flash player delhelje. Ast in fanatike muzykleafhawwer lizzen hjir in protte mooglikheden. Do kinst meielkoar in prachtich muzykprofyl meitsje. No’t ik der sa wat mei oan ‘e gong bin moat ik my der marris fierder yn ferdjipje. It is sa gek noch net.

23dingen's Profile Page

vrijdag 5 februari 2010

ding 19

It sosjale netwurk ha ik ek net sa’n bining mei. Ik ha wol in pear kear immen folge dy’t tidelik yn it bûtenlân wie. Sy hold dat by op http://www.waarbenje.nu/. Fûn ik wol aardich. Koest reagearje op har stikjes en doe’t wy har opsochten yn it bûtenlân ha ik der ek in ferhaal opskreaun.
Ik ha al oanjûn dat ik op Hyves sit. Hjir wie ik fan doel stikjes te skriuwen oer mysels. Mar dat wie nei 5 kear ek al wer dien. Wa hat der no belang by wat ik op myn Hyves skriuw, tocht ik letter.

ding 18

Dit liket sa âlderaardichst. Ik wist net fan it bestean ôf.
Sels de fryske taal kinst selektearje.
ik ha thús in grutte kolleksje Fryske boeken.
Komst dus moai fan pas.
Oant no ta ha ik hjir it measte niget oan fan alle dingen dy ik hân ha.
http://www.librarything.nl/catalog/sjirkw

ding 17

Ik bin der no wol efterkommen datst omraak trochlinke kinst op WEB 2.0. In lyts healoere bin ik oan it klikken west. Wat in bombidich grut oantal sites. Fan myn kollega yn Frankryk moast ik “Frankwatchting” ek besjen. Genôch te lêzen.
Wat ik sels aardich fyn? Dat binne de sites oer harmonyorkesten en amateurmuzikanten.
Dat ha ik oeral besocht te sykjen mar gjin resultaten.
Hawar, dat sil him wol wer oan my lizze.