vrijdag 5 februari 2010

ding 13

Online applikaasje ha ik noch noait brûkt. Se ha grif foardielen, mar dy dyselde foadielen ha ik ek op myn wurk. We ha de ESX servers dy’t fia Citrix te benaderjen binne. Dokuminten wurde dield op in mienskiplike R-skiif. Dat wurket poerbêst!

Google spreadheets. Ik ha prebearre om in nij dokumint te meitsje. (create new) mar dan rint it hielendal fêst. Dan bin ik dus al gau fuort. Mar lyk as de âldbollige wiisheid seit: “De oanhâlder wint”, beskykje ik it noch mar ris in pear kear. En ja hear, ik kin in nij dokumint meitsje en kom ta de konklúsje dat it wurket.
Nettsjinsteande dat ik it allegearre wat traach fyn, wurket it fierders goed. Mar om boppesteande reden sil ik der fierders gjin gebrûk fan meitsje.

1 opmerking: