vrijdag 5 februari 2010

ding 14

Dêr hast no wer soksawat. Tsjette!
Slap geouwehoer oer neat. Ik fergelykje it mar mei Twitter. Ja, ik wit it wol, it sil ek wol wer in goede kant ha; Bedriuwsmatich ensfh. Mar ik brûk it net.
Dus moat ik no troch de bocht en bin eefkes oan it tsjetten west mei myn âld kollega út Makkum. Sy sit al in skoftke yn Frankryk. Ik bin lid fan Hyves en ha fia Kwekker oan it tsjetten west. Kinst ek noch sjen as der ien online is. It gong net as it slydjage mar we kamen der wol trochhinne. Der binne bettere tsjetprogramma’s. Dy sille we nochris útprebearje.
Mar it bliuwt foar my behelpen.

'>http://

1 opmerking:

  1. Ook hiervoor geldt: het is geen moeten! Je hebt in ieder geval even contact gehad met een oud collega. Was vast leuk. En verder pak jij gewoon de telefoon...
    Groeten, Thea

    BeantwoordenVerwijderen