donderdag 4 februari 2010

ding 12

Twitterjen

It is noait wat west en it sil ek noait wat wurde. Dat is miskien wol wat swartwyt mar ik
ha neat mei Twitter en ha dat ek noch noait hân. Ek no’t ik ding 12 trochlês slacht it ek noch net by my oan. Ik wurd der net hyt of kâld fan. As ik it goed begryp dan meitsje bedriuwen der hieltiten mear gebrûk fan. Neffens my sjit it foar de gewoane gebrûker syn doel ferby en sil it net salang duorje dat der wer wat oars op ‘e merk komt. “Mei Twitterjen moatte wy ús hoedzje foar digitale ADHD en ynformaasjestress”. Dy útspraak is net fan mysels mar stipet myn negative gefoelens oer Twitterjen wol.

1 opmerking:

  1. Gelukkig hoef je niet van alle 'dingen' blij te worden. Met sommige mogelijkheden heb je gewoon niets. Met Twitter kun je veel informatie vergaren. De kunst is om dit selectief te doen!
    Groeten, Thea

    BeantwoordenVerwijderen