vrijdag 5 februari 2010

ding 15

Nei de radio harkje is net ien fan myn favorite hobby. Ik harkje der einliks noait nei. In jier ferlyn ha we in nije auto kocht en der moast neffens ús jongste soan perfoarst in radio yn. No, ik sei: “Dan betellest him sels mar”. En ferdomd ast net wier, dat hat er ek noch dien. Mar ik woe mar dizze, it ding hoecht der om my net yn.
As ik efter de kompjûter sit kin ik ek gjin leven om ‘e kop ha. Muzyk fia it ynternet wurket by my ek net. En no, Thea, fregest my wat ik fan Podcasting fyn.
Dus ha ik eefkes op de site fan Bibletheek Waterweg sjoen. It is allegearre prachtich wat der oanbean wurdt. Mar, it muoit my tige mar oan my falt der gjin ear te beheljen wat podcasting oan belanget.

1 opmerking:

  1. Nou, lekker niet dan! Je hebt in ieder geval even gekeken wat er te koop is. Prima toch? En mocht je ooit vast komen te zitten in de file, kun je dankzij je zoon altijd horen hoelang deze is. Of je daar blij van wordt is natuurlijk een ander verhaal...
    Groet, Thea

    BeantwoordenVerwijderen