vrijdag 19 februari 2010

ding 22

Ik hingje wolris wat mei ien poat yn it ferline en de oare yn ‘e takomst.
Somtiden ha ik langstme nei de bibletheek fan eartiids. De minsken mei harren noazen djip yn ‘e boeken of kranten ferskûle. Ast te lûdroftich wiest kamen der in pear brimstige eagen oer de dikke swarte râne fan de bril op dy ôf. De stjonkende muffe rook fan de iepensleine boeken kaam dy temjitte. Op in strategysk plakje yn de stúdzje seal siet in âld juffer mei in knûdeltsje yn ’t hier. Se hie in buordtsje foar de noas mei Inlichtingen. As in boek meinaamst waard der in stimpel yn klapt.
Mar it moat en sil allegearre oars. Mar ik wurkje net mear yn ‘e bibletheek en kom der as klant ek net sa faak mear. It seit himsels dat der ynspile wurde moat op de fragen fan klanten. Ik tink ek net dat bibletheken sosjale netwerken wurde moatte. Dêr binne der al genôch fan dat sil neat taheakje. Mar it is bêst wol aardich om wat op Dizzy (liket op Hyves) om te skarreljen. It sjocht der goed út en de blogs steane grôtfol ynformaasje. Ik kin it oaren ek oanrikkemandearje.

2 opmerkingen:

  1. in âld juffer mei in knûdeltsje yn ’t hier.... wat een stereotyp beeld van de bibliothecaris schets je hier toch, ik zie het helemaal voor me. Alleen het bordje met STILTE ontbreekt nog in je verhaal.
    En nu nog maar één ding te gaan... je gaat het vast missen ;-)
    Gr. Janneke

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Toemaar, dit is het eerste Ding dat je anderen ook 'oanrikkemandearje' kunt! Ik weet nu al wat je na '23 dingen' gaat doen... (Mevrouwen met knoedeltjes in het haar kan ik me niet herinneren, wel mevrouwen in soepjurken en 'soepharen', en dat is nog niet eens zo heel erg lang geleden.)
    Groeten, Thea

    BeantwoordenVerwijderen