vrijdag 5 februari 2010

ding 13

Online applikaasje ha ik noch noait brûkt. Se ha grif foardielen, mar dy dyselde foadielen ha ik ek op myn wurk. We ha de ESX servers dy’t fia Citrix te benaderjen binne. Dokuminten wurde dield op in mienskiplike R-skiif. Dat wurket poerbêst!

Google spreadheets. Ik ha prebearre om in nij dokumint te meitsje. (create new) mar dan rint it hielendal fêst. Dan bin ik dus al gau fuort. Mar lyk as de âldbollige wiisheid seit: “De oanhâlder wint”, beskykje ik it noch mar ris in pear kear. En ja hear, ik kin in nij dokumint meitsje en kom ta de konklúsje dat it wurket.
Nettsjinsteande dat ik it allegearre wat traach fyn, wurket it fierders goed. Mar om boppesteande reden sil ik der fierders gjin gebrûk fan meitsje.

donderdag 4 februari 2010

ding 12

Twitterjen

It is noait wat west en it sil ek noait wat wurde. Dat is miskien wol wat swartwyt mar ik
ha neat mei Twitter en ha dat ek noch noait hân. Ek no’t ik ding 12 trochlês slacht it ek noch net by my oan. Ik wurd der net hyt of kâld fan. As ik it goed begryp dan meitsje bedriuwen der hieltiten mear gebrûk fan. Neffens my sjit it foar de gewoane gebrûker syn doel ferby en sil it net salang duorje dat der wer wat oars op ‘e merk komt. “Mei Twitterjen moatte wy ús hoedzje foar digitale ADHD en ynformaasjestress”. Dy útspraak is net fan mysels mar stipet myn negative gefoelens oer Twitterjen wol.

ding 11

Ik sjoch in Wiki’s en Weblogs as in persoanlik deiboek. Elkenien kin him/har uterje op it ynternet. Dat is moai en demokratysk. It is needsaaklik om hjiroer goede ôfspraken te meitsje. Ik bin net in grut gebrûkers fan de wiki’s. De wikipedia is my wol bekend en dêr sykje ik wol ynformaasje. Ik hoopje altiten mar dat de ynformaasje betrouber is. Weblogs kom ik dus no mei yn ‘e kunde.

woensdag 3 februari 2010

ding 10

Tagging wurdt hieltiten populêder. It is in pracht middel om paadwiis te bliuwen yop it bombidich wiidweidige ynternet. Mar it moat net dûbelsinnich of te ûnkrekt wurde.
As ien man Stephen King tagt as "spoeketeltsje" en in oarenien "eangstferhalen" der fan makket dan krijst ek swierrichheden. Tagging stiet ta om dit te organisearjen. En dat is in goede saak.
Ik ha wat op ferskate sites sjoen. It is nijsgjirrich.

Flickr (Photo sharing)
Del.icio.us (Social bookmarking)
Technorati (Blog search engine)
Furl (Social bookmarking & archiving)
Yahoo! (Persoonlijke startpagina, onderdeel ”Tagging, Saving, and Sharing”)
YouTube (Video sharing

Ding 9

1. No fregest my wat. Dit is fansels net sa maklik mar ik sil it besykje.
Ik soe sels net sa gau in Blog meitsje. Hoewol ik bêst wol hobby ha om sok te dwaan.
Muzyk bygelyks of teater. Mar dochs, .....

2. RSS feeds binne moaie fynsten. Op it wurk brûke we se foar Bicat.
Ien kear yn 't meitsje ik in famylje Nijsbrief. Sjoch, ik ha it foarstel al dien om in dat fia it web te dwaan mar se wol in perfoarst in krantsje ha.

3. Ik tink wol dat ik in foto editor brûke kin. Mar mei fotoshoppe kinst ek in hiele protte dwaan.

4. Ik brûk it allinne thús. Stadichoan sille se der ek yn de bibletheek oan wenne moatte. De is altiten noch in kategory minsken dy allinne foar in boekje en in sosjaal praatje komme. Dat moast net ferjitte. As we in oantal jierren fierder sjoch ik der mear klanten gebrûk fan meitsjen.

5. Ik ha oant no ta nijsgjirrige dingen sjoen. In oantal wist ik wol wat fan, mar in oantal ek net.

6. As in soarte fan wikipedia? Ik wit it net. Foar in protte minsken is it internet noch ien grutte tizeboel.

woensdag 20 januari 2010

ding 8


Pake's trots

ding 6 + 7 Makkum


Makkum op syn moaist.